Tsead Bruinja

frizijščina

Tsead Bruinja

nizozemščina

BRÊGEMAN (fy)

wyldfrjemd wie sy net dy’t my it nijs brocht
fan dyn oankommend ferstjerren ik tocht
dan sil ik sjonge sjonge om wat
ik noch fan dy wit foar de helsdoarren

wei te skuorren krij ik it ferjitboek
op skoat en begjin út dit deade skrift
dat ik net machtiger bin as
hokker taal ek dy op te fiskjen

sasto my besochtst út in wek
ûnder in brêge te lûken en
sels yn panyk wiet pak hellest sa
sil dit liet my net mije kinne

kom heit byn my de houtsjes ûnder
ik haw de krappe jongeslearskes hast oan
kom byn my de houtsjes ûnder
it iis is tin as dyn wurge antlit
út wetterige eagen stoarrest my oan
kom noch ien kear út dyn tsjûk wollen grêf
en byn my de houtsjes ûnder
it wetter sil ús op him fleanen sjen

sa brocht mem ús bliid oan de wâlskant
dêr’t ús earste reis begûn mei har
yn ús gedachten oer trochsichtich swart
oer pas op sjoch stroffeltûken en

beferzen bleien vissticks grapke
ik besocht it iis te brekken mei
bernehumor mei bernehannen
mar do wiest by dyn wiif siik thús

en hast yn it berteplak de lannen
dêr’t troch wite wintertekken grien gers
bedimme waard grien gers dat foarhinne
dyn sachte soallen koe fuotten dy’t no

sûnder faam iensum mei my oer tryst wetter jagen
as gjin oar better noch as mem
koenen dizze sleatsjes en greiden dy
dit doarp mei it tsjerkhôf fol kunde

de gouden hoanne de spitse tsjerketoer
deun by it hûs de pleats dêrsto
dysels it stjoeren it drummen leardest
dêr’t jim heit dy galoppearjen seach

it sadel in neaken hynsterêch
ier gie de skeppe foar him de grûn yn
dy’t my trijerisom syn namme liende
doe’t ik noch gjin heit hjitte koe

kom byn my de houtsjes ûnder
ik haw de krappe griene jongeslearskes oan
byn my de houtsjes ûnder
it iis is tin as de tydlike ôfstân tusken ús
no’t ik oer de grinzen hinne dy droech oansjen kin
moatst my noch ien kear de houtsjes ûnderbine
of klim noch ien kear yn `e pinne
en lit it papier ús oer it iis fleanen
jagen janken sjen

fertel noch ris hoest de learaar
muzyk dy’t dy mei de kaaien lef
om `e earen reage rjocht
yn `e sek wâdest flaufallen sabeare

ferrektest it sorry te sizzen
tsjin direkteuren bleaust koart foar de kop
thús dêrst tusken it krûme en it rjochte
dyn eigen djippe paad fan begrutsjen eidest

swier as stien lei it brek oan ferjeffenis
yn `e búk doest it krús net mear
om `e nekke ha koest en jim mem
gjin himels hûs mear hie om op dy te wachtsjen

byn my de houtsjes ûnder heit
dizze wrâld is de echte
tusken my en har wiesto de brêgeman
no is it slim simmer lizze de houtsjes
yn it fet yn `e kelder
foar ús dânsje skriuwerkes op it wetter
it wetter is as in blau laai
sa skjin sa tsjuster

© T.B. / Bornmeer
Iz: De man dy’t rinne moat
Leeuwarden: Bornmeer, 2001
Avdio produkcija: NLPVF, 2005

BRUGWACHTER

wildvreemd was zij niet die me het nieuws bracht
van je aanstaande sterven ik dacht
dan zal ik zingen zingen om wat
ik nog van je weet voor de poorten van de hel
  
weg te slepen neem ik het vergeetboek
op schoot en begin uit dit dode schrift
dat ik niet machtiger ben dan
welke taal ook je op te vissen
  
zoals jij mij uit een wak onder een brug
probeerde te trekken en jezelf
in paniek een nat pak bezorgde zo
zal dit lied mij niet kunnen mijden
  
kom vader bind me m’n houtjes onder
ik heb de krappe jongenslaarsjes bijna aan
kom bind me m’n houtjes onder
het ijs is dun als je vermoeide gezicht
uit waterige ogen staar je me aan
kom nog een keer uit je dik wollen graf
en bind me m’n houtjes onder
het water zal ons over zich heen zien vliegen

  
zo bracht moeder ons blij aan wal
waar onze eerste reis begon met haar
in onze gedachten over doorzichtig zwart
over pas op kijk struikeltakken en
  
bevroren brasems vissticks grapte
ik probeerde het ijs te breken met
kinderhumor met kinderhanden
maar jij was bij je vrouw ziek thuis
  
en haast in je geboorteplaats de landerijen
waar door witte winterdeken groen gras
verstomde groen gras dat voorheen
je zachte zolen kende voeten die nu
  
zonder meisje eenzaam met mij over triest water jagen
als geen ander beter nog dan moeder
kenden deze slootjes en weiden jou
dit dorp met zijn kerkhof vol bekenden
  
de gouden haan de spitse kerktoren
vlakbij de boerderij waar jij
jezelf leerde zenden en drummen
waar je vader je galopperen zag
 
het zadel een naakte paardenrug
vroeg ging de schep voor hem de grond in
die mij driemaal zijn naam leende
toen ik nog geen vader heten kon
  
kom bind me m’n houtjes onder
ik heb de krappe groene jongenslaarsjes aan
bind me m’n houtjes onder
het ijs is dun als de tijdelijke afstand tussen ons
nu ik je over de grenzen heen droog kan aankijken
moet je me nog één keer m’n houtjes onderbinden
of klim nog één keer in de pen
en laat het papier ons over het ijs
zien vliegen jagen janken

  
vertel nog eens hoe jij je leraar
muziek die jou met zijn sleutelbos laf
en hard tegen je oren sloeg recht
in z’n zak trapte zogenaamd flauwgevallen
  
verrekte je het sorry te zeggen
aan directeuren hield je de pest
thuis waar je tussen het kromme en het rechte
je eigen diepe pad van meelij ploegde
  
zwaar als steen lag het gebrek aan vergiffenis
in je buik toen je het kruis niet meer
om je nek kon dragen en je moeder
geen hemels huis meer had om je in op te wachten
  
bind m’n houtjes onder vader
deze wereld is de echte
tussen mij en haar was jij de brugwachter
nu is het zwaar zomer liggen m’n houtjes
ingevet in de kelder
voor ons dansen schrijvertjes over het water
het water is als een blauwe lei
zo schoon zo donker

vertaling: Tsead Bruinja