Tsead Bruinja
Translator
on Lyrikline: 4 poems translated
from: frizijščina to: nizozemščina
Original
Translation
[hy is de man...] (fy)
frizijščina | Tsead Bruinja
hy is de man
dy't rinne moat
dy't rinne rinne
rinne moat
sa fol fan begearte
en readferslaving
sa blyn foar
hoe't it lân
derhinne leit ferdomme
dat er rinne moat
rinne oant er
trochsichtich wurdt
en tin as lucht
syn langstme
oplost sjocht
troch it park
by de sânbak del
troch de sânbak
it klimrek yn
dêr't er dreamt
fan woestyn
tonghagedissen
en stosân
sa tin as er
wurde wil
de man
dy't rinne moat
dy't rinne moat
rinne moat
mei syn dream
dêr't gjin stek
omhinne kin
from: De man dy’t rinne moat
Leeuwarden: Bornmeer, 2001
Audio production: NLPVF, 2005
[hij is de man...]
nizozemščina
hij is de man
die lopen moet
die lopen lopen
lopen moet
zo vol van begeerte
en roodverslaving
zo blind voor
hoe het er met hem
voor staat verdomme
dat hij lopen moet
lopen tot hij
doorzichtig wordt
en dun als lucht
zijn verlangen
opgelost ziet
door het park
bij de zandbak langs
door de zandbak
het klimrek in
waar hij droomt
van woestijn
tonghagedissen
en stuifzand
zo dun als hij
worden wil
de man
die lopen moet
die lopen lopen
lopen moet
met zijn droom
waar geen hek
omheen past
[fjouwerjend kaam er út syn lêste dream...] (fy)
frizijščina | Tsead Bruinja
fjouwerjend kaam er út syn lêste dream
as in roastige ridder op in wytferve hynder
mei in hurde kul en boadskip foar syn wiif
dat er fijn oer har fantasearre hie
sy wosk syn piipjende pak leafdefol yn in bad
mei cola massearre mei boarstels fan blein
har hurde hannen it wyt út syn wiid iepentearde hynstelea
holp him hymjend op it hynder en wiisde him it paad
syn skerpe bonken dy't ûnder de grouwe bealch
sawat troch it teare fel hinne stutsen rattelen as
in âld blikje skuonsmarsel mei in kniper yn it achtertsjel
tsjin de binnenkant fan it blinkjend poetste harnas
in ripe apel rôle yn `e tromp oer de mei spek beleine bôle
fan de iene nei de oare kant wie syn lâns glêd skjirre
de punten slipe hy sobbe om op it muntsje op syn tonge
en streake it sadel yn it fet
en ik woe oant de wjukken him brekke soenen
neat mear fan in wrâld om ús hinne fernimme
woe meirinne mei syn wyld giseljende mûnen
oan it gleone ein ta
from: De wizers yn it read
Leeuwarden: Bornmeer, 2000
Audio production: NLPVF, 2005
[galopperend kwam hij uit zijn laatste droom...]
nizozemščina
galopperend kwam hij uit zijn laatste droom
als een roestige ridder op een witgeverfd paard
met een stijve pik en boodschap voor zijn vrouw
dat hij fijn over haar had gefantaseerd
zij waste zijn piepende pak liefdevol in een bad
met cola masseerde met baleinen borstels
haar harde handen het wit uit zijn wijd opengevouwen hengstenlijf
hielp hem hijgend te paard en wees hem de weg
zijn scherpe botten die onder zijn dikke pens
bijna door de tere huid heen staken ratelden als
een oud blikje schoensmeer met een knijper tegen het achterwiel
tegen de binnenkant van zijn blinkend gepoetste harnas
een rijpe appel rolde in de trommel over het met spek belegde brood
van de ene naar de andere kant was zijn lans glad geschuurd
de punten geslepen hij sabbelde op het pepermuntje op zijn tong
en streek het zadel in het vet
en ik wilde tot de wieken hem zouden breken
niets meer van een wereld om ons heen vernemen
wilde meelopen met zijn wild draaiende molens
tot aan het hete eind toe
GERS DAT ALFÊST LAKET (fy)
frizijščina | Tsead Bruinja
elk wurd dat ik by dy dellis
oan `e grûn en foar dyn fuotten
is in wurd tefolle
it kâlde gers derûnder
krekt meand krekt wiet
fan de moanne
it leit in dei
no wachtsje op de sinne
en hân foar de mûle
en hân foar de grap
wachtsje op hoe’t
krekt meand gers
laket
sjocht my oan
kom oerein
laket laket laket
elk wurd
wier wurd laket
laket
bliid
as in bêd dat noch net op
makke is
laket
krekt
meand en glêd
krekt meand en bliid
laket it gers mei de hân
op de mûle
en elk wurd dat ik skylk skynber sêft
by dy dellis op it nije gers en foar dyn djoere fuotten
is in wurd tefolle dat laket en laitsje sil
from: Droom in blauwe regenjas / Dream yn blauwe reinjas.
(Collected by Hein Jaap Hilarides and Tsead Bruinja)
Amsterdam & Leeuwarden : Contact & Bornmeer, 2004
Audio production: NLPVF, 2005
GRAS DAT ALVAST LACHT
nizozemščina
elk woord dat ik bij je neerleg
aan de grond en voor je voeten
is een woord te veel
het koude gras eronder
pas gemaaid net nat
van de maan
het ligt een dag
nu wachten op de zon
en hand voor de mond
en hand voor de grap
wachten op hoe
pas gemaaid gras
lacht
kijkt mij aan
kom overeind
lacht lacht lacht
elk woord
waar woord lacht
lacht
blij
als een bed dat nog niet op
gemaakt is
lacht
pas
gemaaid en glad
pas gemaaid en blij
lacht het gras met de hand
op de mond
en elk woord dat ik later schijnbaar zacht
bij je neerleg op het nieuwe gras en voor je kostbare voeten
is een woord te veel dat lacht en zal lachen
BRÊGEMAN (fy)
frizijščina | Tsead Bruinja
wyldfrjemd wie sy net dy’t my it nijs brocht
fan dyn oankommend ferstjerren ik tocht
dan sil ik sjonge sjonge om wat
ik noch fan dy wit foar de helsdoarren
wei te skuorren krij ik it ferjitboek
op skoat en begjin út dit deade skrift
dat ik net machtiger bin as
hokker taal ek dy op te fiskjen
sasto my besochtst út in wek
ûnder in brêge te lûken en
sels yn panyk wiet pak hellest sa
sil dit liet my net mije kinne
kom heit byn my de houtsjes ûnder
ik haw de krappe jongeslearskes hast oan
kom byn my de houtsjes ûnder
it iis is tin as dyn wurge antlit
út wetterige eagen stoarrest my oan
kom noch ien kear út dyn tsjûk wollen grêf
en byn my de houtsjes ûnder
it wetter sil ús op him fleanen sjen
sa brocht mem ús bliid oan de wâlskant
dêr’t ús earste reis begûn mei har
yn ús gedachten oer trochsichtich swart
oer pas op sjoch stroffeltûken en
beferzen bleien vissticks grapke
ik besocht it iis te brekken mei
bernehumor mei bernehannen
mar do wiest by dyn wiif siik thús
en hast yn it berteplak de lannen
dêr’t troch wite wintertekken grien gers
bedimme waard grien gers dat foarhinne
dyn sachte soallen koe fuotten dy’t no
sûnder faam iensum mei my oer tryst wetter jagen
as gjin oar better noch as mem
koenen dizze sleatsjes en greiden dy
dit doarp mei it tsjerkhôf fol kunde
de gouden hoanne de spitse tsjerketoer
deun by it hûs de pleats dêrsto
dysels it stjoeren it drummen leardest
dêr’t jim heit dy galoppearjen seach
it sadel in neaken hynsterêch
ier gie de skeppe foar him de grûn yn
dy’t my trijerisom syn namme liende
doe’t ik noch gjin heit hjitte koe
kom byn my de houtsjes ûnder
ik haw de krappe griene jongeslearskes oan
byn my de houtsjes ûnder
it iis is tin as de tydlike ôfstân tusken ús
no’t ik oer de grinzen hinne dy droech oansjen kin
moatst my noch ien kear de houtsjes ûnderbine
of klim noch ien kear yn `e pinne
en lit it papier ús oer it iis fleanen
jagen janken sjen
fertel noch ris hoest de learaar
muzyk dy’t dy mei de kaaien lef
om `e earen reage rjocht
yn `e sek wâdest flaufallen sabeare
ferrektest it sorry te sizzen
tsjin direkteuren bleaust koart foar de kop
thús dêrst tusken it krûme en it rjochte
dyn eigen djippe paad fan begrutsjen eidest
swier as stien lei it brek oan ferjeffenis
yn `e búk doest it krús net mear
om `e nekke ha koest en jim mem
gjin himels hûs mear hie om op dy te wachtsjen
byn my de houtsjes ûnder heit
dizze wrâld is de echte
tusken my en har wiesto de brêgeman
no is it slim simmer lizze de houtsjes
yn it fet yn `e kelder
foar ús dânsje skriuwerkes op it wetter
it wetter is as in blau laai
sa skjin sa tsjuster
from: De man dy’t rinne moat
Leeuwarden: Bornmeer, 2001
Audio production: NLPVF, 2005
BRUGWACHTER
nizozemščina
wildvreemd was zij niet die me het nieuws bracht
van je aanstaande sterven ik dacht
dan zal ik zingen zingen om wat
ik nog van je weet voor de poorten van de hel
weg te slepen neem ik het vergeetboek
op schoot en begin uit dit dode schrift
dat ik niet machtiger ben dan
welke taal ook je op te vissen
zoals jij mij uit een wak onder een brug
probeerde te trekken en jezelf
in paniek een nat pak bezorgde zo
zal dit lied mij niet kunnen mijden
kom vader bind me m’n houtjes onder
ik heb de krappe jongenslaarsjes bijna aan
kom bind me m’n houtjes onder
het ijs is dun als je vermoeide gezicht
uit waterige ogen staar je me aan
kom nog een keer uit je dik wollen graf
en bind me m’n houtjes onder
het water zal ons over zich heen zien vliegen
zo bracht moeder ons blij aan wal
waar onze eerste reis begon met haar
in onze gedachten over doorzichtig zwart
over pas op kijk struikeltakken en
bevroren brasems vissticks grapte
ik probeerde het ijs te breken met
kinderhumor met kinderhanden
maar jij was bij je vrouw ziek thuis
en haast in je geboorteplaats de landerijen
waar door witte winterdeken groen gras
verstomde groen gras dat voorheen
je zachte zolen kende voeten die nu
zonder meisje eenzaam met mij over triest water jagen
als geen ander beter nog dan moeder
kenden deze slootjes en weiden jou
dit dorp met zijn kerkhof vol bekenden
de gouden haan de spitse kerktoren
vlakbij de boerderij waar jij
jezelf leerde zenden en drummen
waar je vader je galopperen zag
het zadel een naakte paardenrug
vroeg ging de schep voor hem de grond in
die mij driemaal zijn naam leende
toen ik nog geen vader heten kon
kom bind me m’n houtjes onder
ik heb de krappe groene jongenslaarsjes aan
bind me m’n houtjes onder
het ijs is dun als de tijdelijke afstand tussen ons
nu ik je over de grenzen heen droog kan aankijken
moet je me nog één keer m’n houtjes onderbinden
of klim nog één keer in de pen
en laat het papier ons over het ijs
zien vliegen jagen janken
vertel nog eens hoe jij je leraar
muziek die jou met zijn sleutelbos laf
en hard tegen je oren sloeg recht
in z’n zak trapte zogenaamd flauwgevallen
verrekte je het sorry te zeggen
aan directeuren hield je de pest
thuis waar je tussen het kromme en het rechte
je eigen diepe pad van meelij ploegde
zwaar als steen lag het gebrek aan vergiffenis
in je buik toen je het kruis niet meer
om je nek kon dragen en je moeder
geen hemels huis meer had om je in op te wachten
bind m’n houtjes onder vader
deze wereld is de echte
tussen mij en haar was jij de brugwachter
nu is het zwaar zomer liggen m’n houtjes
ingevet in de kelder
voor ons dansen schrijvertjes over het water
het water is als een blauwe lei
zo schoon zo donker