Tsead Bruinja
GERS DAT ALFÊST LAKET (fy)
GERS DAT ALFÊST LAKET (fy)
elk wurd dat ik by dy dellis
oan `e grûn en foar dyn fuotten
is in wurd tefolle
it kâlde gers derûnder
krekt meand krekt wiet
fan de moanne
it leit in dei
no wachtsje op de sinne
en hân foar de mûle
en hân foar de grap
wachtsje op hoe’t
krekt meand gers
laket
sjocht my oan
kom oerein
laket laket laket
elk wurd
wier wurd laket
laket
bliid
as in bêd dat noch net op
makke is
laket
krekt
meand en glêd
krekt meand en bliid
laket it gers mei de hân
op de mûle
en elk wurd dat ik skylk skynber sêft
by dy dellis op it nije gers en foar dyn djoere fuotten
is in wurd tefolle dat laket en laitsje sil