Tsead Bruinja
Ta pesem je dosegljiva v teh jezikih:
BRÜCKENMANN (Nemščina)
BRIDGEMASTER (Angleščina)
BRUGWACHTER (Nizozemščina)
GARDE-PONT (Francoščina)
NOVIO (Španščina)
BRÊGEMAN (fy)
in Fries (Frisian language)
wyldfrjemd wie sy net dy’t my it nijs brocht fan dyn oankommend ferstjerren ik tocht dan sil ik sjonge sjonge om wat ik noch fan dy wit foar de helsdoarren wei te skuorren krij ik it ferjitboek op skoat en begjin út dit deade skrift dat ik net machtiger bin as hokker taal ek dy op te fiskjen sasto my besochtst út in wek ûnder in brêge te lûken en sels yn panyk wiet pak hellest sa sil dit liet my net mije kinne kom heit byn my de houtsjes ûnder ik haw de krappe jongeslearskes hast oan kom byn my de houtsjes ûnder it iis is tin as dyn wurge antlit út wetterige eagen stoarrest my oan kom noch ien kear út dyn tsjûk wollen grêf en byn my de houtsjes ûnder it wetter sil ús op him fleanen sjen sa brocht mem ús bliid oan de wâlskant dêr’t ús earste reis begûn mei har yn ús gedachten oer trochsichtich swart oer pas op sjoch stroffeltûken en beferzen bleien vissticks grapke ik besocht it iis te brekken mei bernehumor mei bernehannen mar do wiest by dyn wiif siik thús en hast yn it berteplak de lannen dêr’t troch wite wintertekken grien gers bedimme waard grien gers dat foarhinne dyn sachte soallen koe fuotten dy’t no sûnder faam iensum mei my oer tryst wetter jagen as gjin oar better noch as mem koenen dizze sleatsjes en greiden dy dit doarp mei it tsjerkhôf fol kunde de gouden hoanne de spitse tsjerketoer deun by it hûs de pleats dêrsto dysels it stjoeren it drummen leardest dêr’t jim heit dy galoppearjen seach it sadel in neaken hynsterêch ier gie de skeppe foar him de grûn yn dy’t my trijerisom syn namme liende doe’t ik noch gjin heit hjitte koe kom byn my de houtsjes ûnder ik haw de krappe griene jongeslearskes oan byn my de houtsjes ûnder it iis is tin as de tydlike ôfstân tusken ús no’t ik oer de grinzen hinne dy droech oansjen kin moatst my noch ien kear de houtsjes ûnderbine of klim noch ien kear yn `e pinne en lit it papier ús oer it iis fleanen jagen janken sjen fertel noch ris hoest de learaar muzyk dy’t dy mei de kaaien lef om `e earen reage rjocht yn `e sek wâdest flaufallen sabeare ferrektest it sorry te sizzen tsjin direkteuren bleaust koart foar de kop thús dêrst tusken it krûme en it rjochte dyn eigen djippe paad fan begrutsjen eidest swier as stien lei it brek oan ferjeffenis yn `e búk doest it krús net mear om `e nekke ha koest en jim mem gjin himels hûs mear hie om op dy te wachtsjen byn my de houtsjes ûnder heit dizze wrâld is de echte tusken my en har wiesto de brêgeman no is it slim simmer lizze de houtsjes yn it fet yn `e kelder foar ús dânsje skriuwerkes op it wetter it wetter is as in blau laai sa skjin sa tsjuster



