Tsead Bruinja
[hy is de man...] (fy)
Sprache: friesisch
Übersetzungen:
niederländisch ([hij is de man...]), deutsch ([er ist der Mann...]), englisch (THE MAN WHO HAS TO MARCH)
[hy is de man...] (fy)
hy is de man
dy't rinne moat
dy't rinne rinne
rinne moat
sa fol fan begearte
en readferslaving
sa blyn foar
hoe't it lân
derhinne leit ferdomme
dat er rinne moat
rinne oant er
trochsichtich wurdt
en tin as lucht
syn langstme
oplost sjocht
troch it park
by de sânbak del
troch de sânbak
it klimrek yn
dêr't er dreamt
fan woestyn
tonghagedissen
en stosân
sa tin as er
wurde wil
de man
dy't rinne moat
dy't rinne moat
rinne moat
mei syn dream
dêr't gjin stek
omhinne kin